💚🖤 Folle sukses, mannen! 🖤💚
Moarn stiet ien fan de moaiste keatsdagen fan it jier op it programma: de Freule yn Wommels!
Foar Kf Us Nocht Blije komme Pieter Hoogland, Freark Veldema en Johan Willem Ferwerda yn aksje! Sy ferdigenje de grien-swarte kleuren fan Blije as partoer 37! 💪
Wy winskje Pieter, Freark en Johan Willem hiel folle súkses en foaral in prachtige keatsdei ta. Genietsje fan dizze bysûndere ûnderfining en lit sjen wat jim yn hûs hawwe! 🍀
Kom ús partoer ek oanmoedigje! Foar de lânkaarten jildt dat bern oant 11 jier fergees tagong hawwe!
In protte sukses, mannen! Wy steane achter jim! 💚🖤